Harekiten perioadekampioen

© Omrop Fryslân
Sneonshaadklasser Harkemase Boys spile yn Grins tsjin PKC '83 en de Harekiten wûnen mei 2-0 troch doelpunten fan Oebele Schokker en Martijn Barto. Troch dit resultaat pakte Harkemase Boys de earste perioadetitel en is koprinner fan de haadklasse C.
ONS hat sneon op eigen fjild mei 2-1 wûn fan Berkum. ONS kaam op foarsprong troch in eigen doelpunt fan Berkum. Klaas Johan Knevelman makke krekt foar rêst 2-0. Yn de slotfaze skoarde Berkum noch de 2-1.