Kampingprojekt noch net wis

01 nov 2008 - 16:40

De útfiering fan it ambisjeuze projekt Kamping Tusken de Marren by Akkrum is net wis. Projektûntwikkelder Rotteveel út Alkmaar hat de kamping foar 1,7 miljoen euro kocht en wol ek noch sân bunder grûn fan boer Hooghiemster hawwe.

Dat leit tsjin de kamping oan. Mar dat kin net omdat Hooghiemster dan net mear buorkje kin. Takom wike freed sille beide partijen om de tafel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)