Asylsikers net nei ferpleger

01 nov 2008 - 15:21
  • Steatssekretaris Albayrak

Hjoeddedei kinne asylsikers noch telâne by in ferpleger op it azc. Dizze ferpleger beslist dan oft in pasjint nei it sikehûs ta moat of dat er thús bliuwe kin. Fan nijjiersdei ôf kinne asylsikers net mear terjochte by dizze ferplegers.

Se moatte nei in lanlik nûmer belje foar medysk advys. Ferplegers by de azc's meitsje har hjir grutte soargen oer. Nei alle gedachten sille der sa'n tritich banen ferdwine by de MOA, medyske opfang asylsikers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)