Hynder oanriden by Eastermar

© Omrop Fryslân
By in ûngelok tusken in hynder en in frachtwein freedtemiddei op de Skûlenboargerwei by Eastermar is it hynder sa swier ferwûne rekke dat it nedich wie om it bist ynsliepe te litten. It hynder waard beriden troch in famke (17) út Eastermar.
Se wie mei in freondinne. De beide ruters woene de Skûlenboargerwei opride, mar op dat momint kaam der in frachtwein oan. It hynder waard ûnrêstich en waard hjirtroch oanriden troch de frachtwein.