Bedriging yn Surhústerfean

01 nov 2008 - 14:34

In groepke fan fjouwer jonges is freedtejûn bedrige mei in fjoerwapen. Dat barde yn Surhústerfean by in brêge op de Nije Jirden. De jonges tochten dat se in bekende seagen, mar it die bliken dat dat net sa wie.

De fertochte kaam op de jonges ta en gedroech him agressyf. It giet om in jonge fan 16, 17 jier op in mountainbike. Hy besocht earst ien fan de jonges yn it wetter te triuwen. Letter kaam de fertochte wer werom mei in fjoerwapen en bedrige de jonges.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)