Soad sollisitaasjes by HWL

© Omrop Fryslân
Wolwêzensynstelling Hulp en Welzijn Leeuwarden is folslein fernuvere troch it grutte tal reaksjes dy't binnenkommen binne op de fakatuere foar in administrative funksje. Gewoanwei krijt HWL tusken de 30 en 50 reaksjes, yn dit gefal binne der 360 brieven binnenkommen.
De ynstelling kin net alle sollisitanten persoanlik in reaksje stjoere. Dêrom stiet der sneon in advertinsje yn de Fryske kranten om de minsken te betanken foar har reaksje.