Sven Kramer wint 5000 meter

31 okt 2008 - 21:55

Reedrider Sven Kramer hat freed de 5000 meter by it NK ôfstannen yn Thialf op It Hearrenfean wûn yn in tiid fan 6 minuten, 14 sekonden en 90 hûndertste. De kopman fan TVM bleau mar twa sekonden ferwidere fan it baanrekord út 2007, dat ek op namme stiet fan Kramer.

Carl Verheijen waard twadde yn 6 minuten, 21 sekonden en 48 hûndertste. Wouter Olde Heuvel is tredde wurden yn 6.23.69.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)