Bruinja 'vaderlandsdichter'

31 okt 2008 - 16:27

De Fryske dichter Tsead Bruinja makket kâns om de nije Dichter des Vaderlands te wurden. Bruinja wennet op't heden yn Amsterdam, mar is berne yn Rinsumageast. Der binne 10 dichters nominearre. Tsead Bruinja dichtet al jierren yn it Nederlânsk en it Frysk.

Dichters wurde net samar nominearre as Dichter des Vaderlands. Se moatte oan in soad easken foldwaan. Op 28 jannewaris 2009 wurdt bekend makke wa't de nije 'Dichter des vaderlands' wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)