Mear guozzejild foar boeren

31 okt 2008 - 11:08

It animo ûnder boeren om guozzen op te heinen sil nei ferwachting tanimme no't se dêr better foar kompensearre wurde. Yn Brussel binne de ljochten tongersdei op grien set foar in nije en bettere regeling, sa lit de provinsje witte.

De besteande regeling foldocht al jierren net mear. Foar gebieten mei in soad guozzen wie de fergoeding te leech. Ek koene je tuskentiids eins net fan gewaaks wikselje. Foar de nije regeling is oardel jier striden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)