Mei 164 km troch Goaiïngaryp

31 okt 2008 - 10:27

De plysje hat tongersdei twa manlju bekeurd omdat se fierstente hurd rieden. Op de grutte dyk by De Jouwer waard in man út Boalsert trappearre, dy't 218 kilometer yn de oere ried, dêr't er 120 mocht.

In man út Jirnsum waard ek op de bon slingere omdat er te fierstente hurd ried. De man hie op de Kleasterwei by Goaiïngaryp 164 op de teller stean, wylst tachtich dêr de maksimum snelheid is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)