Aris stunt yn Den Bosch

30 okt 2008 - 22:57

De basketballers fan Aris Friesland soargen tongersdeitejûn foar in stunt. Yn Den Bosch waard fjirtjinfâldich lânskampioen EiffelTowers mei 73-72 ferslein. Aris hat in gearwurkingsferbân mei de ploech út Den Bosch. Yn de Maaspoort waard dan ek al praat fan 'broedermoord'.

Aris spile frivoal en hie yn Matt Bauscher wer ris de grutte útblinker. Hy makke 28 punten. It wie de tredde oerwinning op rige fan de Ljouwerters yn de kompetysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)