Mear klanten foar De Friesland

Soarchfersekerder De Friesland ferwachtet folle mear klanten út de Noardeastpolder te krijen as it Snitser Antonius sikehûs it sikehûs fan Emmeloard oernimt. It tal fersekerden is begjin dit jier al wat tanaam trochdat it Antonius yn Emmeloard in soarchfoarsjenning iepene hat mei spesjalisten dy't der sprekoere hâlde. Dy festiging is der mei kaam troch stipe fan De Friesland.
Mei help fan in folsleine oername hopet De Friesland op mear nije klanten.