'Underwiiskonflikt gau foarby'

© Omrop Fryslân
De fakbûnen en wurkjouwersorganisaasje VO-Raad sille der pratendewei útkomme. De lanlike ekstra stakingsdei op 19 novimber sil net mear nedich wêze. Dat ferwachtet rektor Jan Hoogenhout fan RSG Magister Alvinus yn Snits.
De wurkdruk fan de dosinten moat omleech, fynt er. Dat hoecht net allinnich troch it jaan fan minder lesoeren. Troch de ekstra taken better te ferpartsjen, kin de wurkdruk foar de dosinten ek werom brocht wurde, mient Hoogenhout.