Beskerming Snitser wiken

30 okt 2008 - 17:03

Trije wenwiken yn Snits krije tenei ekstra beskerming fan 'e gemeente. It giet om wenwiken dy't boud binne yn de tiid krekt nei de twadde wrâldoarloch, de saneamde weropbouperioade.

Neffens de gemeente driget de typyske bou fan dy tiid te ferdwinen troch ûnder oare sloop. Snits wol benammen de meast bysûndere gebouwen út dy tiid behâlde. Dy steane yn de wiken Lemmerwei-West, Het Eiland en de buert om de Sytsingawiersterleane hinne. It bestimmingsplan sil oanpast wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)