400 dosinten stake ien middei

30 okt 2008 - 16:11

Sa'n 400 leararen hawwe tongersdei yn Fryslân meidien oan de staking foar in bettere CAO. Mar de helte fan dat oantal hat him as staker registrearje litten by ien fan de 4 aksjeplakken.

De dosinten lizze it wurk del út protest tsjin it útbliuwen fan in nije CAO. De leararen wolle dat der ôfspraken komme oer de wurkdruk. Ek moat it wurk better betelle wurde. Oant no ta komt de VO-Raad net temjitte oan de eask. Fryske leararen binne ferdield oer de staking.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)