Spannende jûn foar Sherida

Hearrenfean-spylster Sherida Spitse kin tongersdei histoarje skriuwe mei it Nederlânske frouljusalvetal. It team kin him yn Volendam yn in beslissende wedstryd tsjin Spanje foar it earst yn 'e skiednis pleatse foar it Europeesk kampioenskip.
De kânsen binne goed. Want yn Spanje waard al mei 2-0 wûn. In lyts ferlies is genôch foar pleatsing. Foar Sherida Spitse (18) is it hurd gien. Oardel jier lyn spile se noch by de B-junioaren fan Snits.