Personielstekoart Frysk MKB

Fryske selsstannige ûndernimmers út it midden- en lytsbedriuw rinne tsjin in grut personielstekoart oan. Se ha hjir mear lêst fan as kollega´s yn de rest fan it lân. Dat blykt út in ûndersyk fan TNS-Nipo, dat yn opdracht van Randstad dien is. 42% fan de minsken dy´t oan it ûndersyk meidiene sizze geregeld ta struktureel lêst te hawwen fan personielstkrapte.
In soad selsstannige ûndernimmers besykje dit probleem te ferhelpen, troch sels ekstra te wurkjen.