Grutte oarder Bright Spark

It bedriuw Bright Spark fan De Jouwer hat in miljoene-oarder út Egypte krigen. Bright Spark ûntwikkelet ûnder oare lytse ynstallaazjes foar wettersuvering. Dizze ynstallaasjes sûverje sawat 3 kúb wetter yn 'e oere.
Fan dizze apparaten sille no in hiel soad nei lytse doarpen yn ûntwikkelingslannen gean. Dat lit direkteur Maurice Tax fan it bedriuw witte. Se meie fierder noch neat oer de oarder sizze, omdat de Nederlânske oerheid it nijs nei bûten bringe wol.