Fryske bou hat noch wol wurk

Fryske boubedriuwen fernimme noch net in soad fan de krisis op de huzemerk. Dat seit brânzje-organisaasje Bouwend Nederland. De keap en ferkeap fan huzen stiet stil, mar boubedriuwen ha dochs genôch wurk. Dat komt benammen troch de 'wei- en wetterbou'.
Om foar te kommen dat boubedriuwen yn de knipe komme moat de provinsje projekten nei foaren helje. De brânzje is dêroer yn petear mei de provinsje. Ek moatte de minsken yn har eigen hûs ynvestearje, sa seit de bousektor.