200 snelheidsoertredings

By snelheidskontrôles op De Jouwer, yn Wytmarsum en yn Boalsert binne woansdei mei-inoar 200 oertredings konstatearre. Op de Arumerwei yn Wytmarsum waarden mear as 500 minsken kontrolearre, 130 fan harren rieden te hurd.
Op de Twibaksdyk yn Boalsert waarden 44 minsken bekeurd foar te hurd riden. Ien bestjoerder hie 102 op de teller, wylst 50 dêr de maksimumsnelheid is. Op De Jouwer krigen 27 minsken in bon foar te hurd riden.