'Fryslân ferrast' yn Den Haach

Mear as 20 Twadde keamerleden krigen woansdei yn parsesintrum Nieuwspoort yn Den Haach foarljochting fan fral Fryske ûndernimmers en tsjinstferlieners oer produkten en tsjinsten dêr't Fryslân mei foarop rint. De provinsje woe mei dizze manifestaasje 'Fryslân ferrast' in oantreklik byld fan Fryslân delsette.
Deputearre steaten tinke dat dizze oanpak mooglik better wurkje sil as roppe dat der mear jild en stipe nei it noarden moat.