Striemin Hearrenfean ferliest

29 okt 2008 - 22:07

SC Hearrenfean ferlear woansdeitejûn mei 2-0 fan Vitesse. Yn it Abe Lenstra Stadion kaam de thúsploech gjin momint yn de wedstriid. De iene flater folge op de oare. Trainer Trond Sollied moast nei ôfrin dan ek sykje om wurden: sa min hie hy syn ploech noch net earder spyljen sjoen.

Santi Kolk en Nicky Hofs wiene yn de twadde helte de doelpuntemakkers foar Vitesse. Kenny Steppe makke syn debút yn de goal by de Feansters as ferfanger fan Brian Vandenbussche.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)