Marcel Beima nei Krolstone

© Omrop Fryslân
Hurdfytser Marcel Beima fan Hurdegaryp hat in kontrakt foar 1 jier tekene by it team Krolstone. Beima (25) komt oer fan it kontinentale team fan Rabobank. By dy ploech wie hy fan doel om mei goeie resultaten de stap te meitsjen nei in Pro Tour team. Problemen mei syn luchtwegen en twa swiere falpartijen ha dy dream bedoarn.
By Krolstone wurdt Beima ien fan de kopmannen. Mei dit kontrakt besiket hy noch ien kear de stap te meitsjen nei in Pro Tour team.