Primeur foar Appelskea

29 okt 2008 - 15:50

De grinzen fan it Natura 2000 gebiet by Appelskea wurde ferlein. Gemeente, provinsje, ministearje en natuerorganisaasjes ha dat bepaald. Natura 2000 is in Europeesk netwurk fan natuergebieten.

Der hat yn it hiele lân protest west tsjin de fêststelde gebieten om't it de de ûndernimmers en boerebedriuwen op slot sette soe. Om dat yn Appelskea foar te kommen, binne de grinzen ferlein. It is foar it earst dat dat gebeurt by in Natura 2000 gebiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)