'Iselmar gjin natuergebiet'

© Omrop Fryslân
De hiele Iselmar moat net oanwiisd wurde as Natura 2000 gebiet. Dat fine ûndernimmers yn de frachtfeart, ferladers en baggerders. Se ha der beswier tsjin oantekene.
Yn hiel Nederlân wurde 162 sokke natuergebieten oanwiisd. It giet dêrby om it tapassen fan Europeeske ôfspraken oer natuerbeskerming. It ûnderhâld en brûken fan de fargeulen yn de Iselmar soe dêrtroch yn gefaar komme kinne, sa tinke de beropsfarders.