Mear huzen yn nijbouwyk Wiarda

© Omrop Fryslân
De winsk fan sawol de bouwers yn Ljouwerter Súdlannen as de gemeente Ljouwert om rapper huzen te bouwen, krijt in ferfolch yn de nije wyk Wiarda. Dêr wurde yn ien kear 300 wenten boud. Dat wie earst 150.
Juridyske prosedueres sieten de wentebou yn de Súdlannen lang dwers en sa rûn de bou fertraging op. Neffens wethâlder Waanders is de wiziging fan de plannen foar Wiarda bedoeld om ta in moaiere nijbouwyk te kommen. Der komt ek wetter yn it nijbouplan.