Ferbetterplan foar brânwacht

© Omrop Fryslân
De ried fan Eaststellingwerf is akkoart mei it ferbetterplan foar de brânwacht yn de Stellingenwerven. Yn it plan stiet dat de kazernes nij- en ferboud wurde. Oer de kazernes hat in soad te dwaan west. Earst soene trije kazernes, mar dat plan waard nei fûl protest út de doarpen weromdraaid.
Fierder krije brânwachtminsken tenei mear oefenmooglikheden en der wurdt socht nei mear frijwilligers. Der binne 30 ekstra minsken nedich. De ried beslút meikoarten oer it plan.