Skea troch stroomsteuring

29 okt 2008 - 12:54

Fjouwer bedriuwen op It Hearrenfean hawwe nij alle gedachten tûzenen euro's skea troch in stroomsteuring woansdeitemoarn. Om healwei tsienen waard by wurksumheden in stroomkabel stikken lutsen, wêrtroch't bedriuwen oan de Pluto sûnder stroom kamen te sitten.

It bedriuweterrein is yn ûntwikkeling en der wurdt alle dagen oan wurke. De steuring duorre úteinlik oant healwei alven. Alle bedriuwen easkje in skeafergoeding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)