Stjerren foar Stenden

29 okt 2008 - 10:55

De oplieding Tourism Management fan de Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert hat in karmerk krigen. It giet om in wurdearring dy't takend is troch de Stichting Duurzaam Hoger Onderwijs.

De oplieding krijt twa stjerren, om't by de lessen bot rekken hâlden wurdt mei it prinsipe fan duorsumheid. Neffens Stenden stiet it krijen fan dizze twa stjerren gelyk oan it krijen fan twa Michelinstjerren. Dy wurde oan koks takend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)