Regels Opsterlân ferienfâldige

28 okt 2008 - 17:34

In buertbarbecue of it kappen fan in âlde beam is aanst sûnder al te folle muoite te regeljen yn de gemeente Opsterlân. Alteast, as it oan boargemaster en wethâlders dêr leit. Dêrfoar moat de Algemiene Pleatslike Feroardering oanpast wurde.

Yn fergeliking mei de foarige APV 34 binne der bepalings fuorthelle en 7 flink ferienfâldige. Op 1 desimber wurdt dúdlik wat de gemeenteried dêrfan fynt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)