Tiisdei weryndielingsdei SWH

28 okt 2008 - 15:49

It is tiisdei in histoaryske dei foar fiif Fryske gemeenten. De gemeenterieden fan Wymbritseradiel, Wûnseradiel, Snits, Nijefurd en Boalsert beslute dan definityf oft se opgean wolle yn ien grutte Súdwesthoekegemeente.

Wymbritseradiel en Wûnseradiel fergaderje middeis, Nijefurd, Boalsert en as lêste Snits beslute de jûns. As it allegear trochgiet sil de nije gemeente 1 jannewaris 2011 in feit wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)