4 Omrop-premjêres filmfestival

Omrop Fryslân hat dit jier mar leafst 4 premjêres op it 30e Noordelijk Film Festival. Op tongersdei 6 novimber is de nije dramasearje Bit te sjen. Freed 7 novimber wurdt Domwei Gelokkich (yn de Wielenpôlle) fertoand.
Snein 9 novimber is it tiid foar Keatshert (partoer Rutmer van der Meer, Chris en Jacob Wassenaar). En as lêste kinne filmleafhawwers snein 9 novimber genietsje fan Oeral Thús (skûtsje Douwe Visser/Snits).