Brân Lennaflat troch deksel

28 okt 2008 - 12:33

It plestik deksel fan in miel is de oarsaak fan de brân tiisdei yn senioare-appartemintekompleks Lenna yn Wolvegea. De bewenner fan de wenning dêr't de brân ûntstie hie it deksel op in hite elektryske plaat lizze litten.

De flat waard ûntromme, mar de measte bewenners kinne deselde dei wer nei hûs. De bewenner dy't de brân feroarsake en dy fan it appartemint dêrûnder kinne dat noch net. Sy krije tydlik in oar appartemint, om't der in soad skea yn harren wenning is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)