Lemsterlân wol partnerskip

© Omrop Fryslân
Lemsterlân wol in strategysk partnerskip oangean mei Skarsterlân en Gaasterlân-Sleat. In mearderheid fan de ried spruts him dêr moandeitejûn foar út yn de riedsgearkomste.
De ried fan Lemsterlân wol binnen in pear moanne fan de beide gemeenten witte oft se iepen stean foar sa'n partnerskip. Foar in fúzje fynt de ried it noch te betiid. Oer fjouwer jier wol de gemeente besjen oft in fúzje wol nedich is of dat trochgien wurdt mei de besteande gearwurking.