Stipe Monstertux út Amearika

28 okt 2008 - 09:59

De Fryske indy-rockband Monstertux krijt by syn nije album help út Amearika. De Amerikaanske skriuwster Janet Fitch, bekend fan Witte Oleander en Portret in Zwart, toande har ynteresse foar de meiwurking nei in mailtsje fan de band.

Monstertux hie oanjûn de tema's fan syn muzyk te herkennen yn de boeken fan Fitch. Fitch hat dêrop in stik út ien fan har boeken foarlêze litten en Monstertux hat dat ferwurke op it nije album.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)