Oerlêst fan 43 groepen jeugd

© Omrop Fryslân
Yn Fryslân binne 43 groepen jongerein dy't foar oerlêst soargje. Fiif groepen stekke der dêrby boppe-út. Kriminele bindes hat Fryslân net. Dat docht bliken út sifers fan de Ried fan Haadkommissarissen oer 2007.
De sifers bin publisearre troch RTL Nijs. Yn hiel Nederlân binne sa'n 1800 groepen jongerein dy't foar oerlêst soargje. Yn Grinslân binne dat der 49 en yn Drinte mar ien.