Ferlies jong Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Jong Hearrenfean hat moandeitejûn de wedstriid yn de earedivyzje foar belofteteams yn Rotterdam mei 1-0 ferlern fan jong Feyenoord. Yn in wedstriid sûnder in protte kânsen hie de thúsploech it measte gelok. Jordao Pattinama makke yn de 63ste minút it winnende doelpunt.
Jong NEC bliuwt koprinner mei 19 punten út 8 wedstriden. Jong Hearrenfean sakke nei it sânde plak mei 11 punten út 8 wedstriden.