'Gemeente te grut by fúzje'

27 okt 2008 - 20:27
  • Piet Hemminga fan 'e Fryske Akademy

De nije gemeente yn de Súdwesthoeke wurdt te grut as de fúzje troch giet. Dat seit bestjoerssaakkundige Piet Hemminga fan de Fryske Akademy. Tiisdei prate de fiif gemeenterieden oer de kwestje. It grutste probleem mei de weryndieling is neffens Hemminga dat de gefolgen net mear te oersjen binne.

Foaral omdat der gjin ûndersyk dien is nei de weryndieling fan 1984. Hemminga fynt dat in gemeente mei 30.000 ynwenners it maksimum wêze moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)