Parkeargaraazje foar Drachten

© Omrop Fryslân
Oan de Vogelzang yn Drachten komt in parkeargaraazje. Ut ûndersyk die bliken dat in parkearkelder op dat plak fierstente djoer wurdt. Der komt in flat mei twa parkearlagen en dêr boppe op 27 apparteminten. Folle minder as yn it earste plan. Dat gie út fan 80.
Yn de parkeargaraazje is romte foar 350 oant 400 auto's. De kosten wurde rûsd op mear as 20 miljoen euro en as alles goed giet wurdt yn 2010 in begjin makke mei it wurk.