2 miljard foar Fryske files

Fryslân yn 2020 filefrij?
De provinsje stekt de kommende 12 jier 2 miljard euro yn de trochstreaming fan it ferkear. De helte fan it bedrach wurdt stutsen yn de berikberheid fan Ljouwert. Sa wurde de knipepunten Drachtsterbrêge en Drachtsterplein oanpakt en ek de oansluting fan de Heak om Ljouwert oan de westkant fan de stêd.
In part fan it jild giet nei de ûntwikkeling fan de spoarline by Drachten lâns. Doel is dat yn 2020 it ferkear yn Fryslân net mear stilstiet.