Twa kear brûns Fryske judoka's

© Omrop Fryslân
De Fryske ôffeardiging hat dit wykein op it NK judo foar froulju yn Rotterdam twa brûnzen medailles wûn. Yn de klasse oant 57 kilo pakte Jennifer Wichers fan Burgum it tredde plak nei winst op Chelsea Veenstra. Yn de klasse oant 52 kilo gie de brûnzen medaille nei Miranda Wolfslag út Ljouwert. Sy wie te sterk foar Sanne Verhagen.
Twa oare Friezinnen, Sandra de Hoop en Ilse Inia, ferlearen yn harren klasse de striid om it brûns.