Wenfoarm foar deminten

© Omrop Fryslân
Fryslân krijt in nije wenfoarm foar demintearjenden: de Herbergier. Dat binne huzen dêr't maksimaal 15 kliïnten by elkoar wenje. It idee foar de lytsskalige wenfoarm is basearre op de Thomashuzen.
De lanlike franchise-organisaasje is de Drie Notenboomen yn Gouda. Dy siket foar Fryslân soarchûndernimmers om in Herbergier te begjinnen. Yn Dronryp is al in gebou kocht om in Herbergier yn te begjinnen en oer in twadde lokaasje wurdt ûnderhannele.