Besletten trainingen H'fean

Sollied wol gjin pottekikers (M.de Jong)
Trond Sollied lit tenei gjin parse en publyk mear ta by de training fan de Sportclub Hearrenfean dy't in dei foar de wedstriid holden wurdt. De Noarske trainer fan Hearrenfean makke dat moandei bekend.
Taskôgers en sjoernalisten binne by oare trainingen noch wol wolkom. De reden foar de tydlike maatregel is it folle programma fan It Fean mei twa wedstriden yn 'e wike. Foar elke wedstriid is mar ien gewoane training en dy soe rêstich ferrinne moatte.