Leskiste oer Alvestêdetocht

Ynformaasje 11-stêdetocht yn leskiste
De bern fan de skoalle fan Sleat meie as earsten oan de gong mei de leskiste fan de feriening Friesche Elf Steden. Tongersdei wurdt de earste leskiste oanbean oan de bern fan de Klinkert. Yn de kiste sitte ferskillende soarten redens, reedridersklean, in rûtekaart en digitale ynformaasje oer de tocht.
De feriening bringt 50 leskisten yn omrin, dy't fia de biblioteek te lien binne. It is ien fan de aktiviteiten ta eare fan it hûndertjierrich bestean fan de Alvestêdeferiening.