Ferwûnen by oanriding A7

27 okt 2008 - 10:00

Op de A7 by Tsjalbert binne sneintejûn trije minsken ferwûne rekke by in kopsturt-oanriding. In bestjoerder út Gelderlân remme ôf, sadat ek in automobilist út Drylts achter him op de rem stean moast.

In 43-jierrige man út Coevorden koe net mear op tiid remje en botste achter op de Dryltster. Dy skeat foarút op de auto foar him. Twa belutsenen moasten mei nekklachten nei it sikehûs, in tredden koe troch ambulânsepersoaniel holpen wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)