Himpkwekerij yn Noardburgum

© Omrop Fryslân
Nei in ynbraak yn Noardburgum is dit wykein in himpkwekerij ûntdutsen. In tsjûge seach sneontenacht dat twa mannen mei in mes by in wenning ynbrutsen. De plysje koe even nei de melding twa man oanhâlde op de Sanhústerwei.
De 24-jierrige Noardburgumer en in man fan 23 út Kollumersweach hiene in snoeiskjirre by har. Yn de wenning dêr 't se ynbrutsen hiene, stiene 280 wietplanten. De kwekerij is ûntmantele.