Lykspul H'fean yn De Kuip

Danijel Pranjic makke de twadde goal
Sportklub Hearrenfean hat mei 2-2 lykspile tsjin Feyenoord. Pas yn de blessueretiid makke Michael Mols de lykmakker.
Yn de earste helte wie Hearrenfean better. Paulo Henrique makke nei in goed heal oere de earste goal. Krekt nei rêst skoarde Danijel Pranjic 2-0. Tweintich minuten foar tiid makke Roy Makaay 2-1. Yn de blessueretiid soarge Mols foar de lykmakker foar de ploech fan âld-Hearrenfeantrener Gertjan Verbeek.