Ljouwerter (17) mishannele

26 okt 2008 - 15:11

In Ljouwerter (17) is yn de nacht nei snein swier mishannele yn in hoarekagelegenheid oan de Nijstêd yn Ljouwert. De jonge waard yn inoar slein neidat er spul krigen hie mei in groepke jonges.

Hy wie der sa slim oan ta dat er mei swiere ferwûnings oan de holle mei de ambulânse nei it sikehûs brocht is. Mei help fan in tsjûge hat de plysje ien man oanhâlde kinnen by de parkeargaraazje by it Saailân. De plysje siket noch nei oare belutsenen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)