Surfer fermist en wer fûn

© Omrop Fryslân
Op de Sleattemermar hat de brânwacht sneintemiddei in oere lang op syk west nei in fermiste surfer. Syn maat hie alarm slein neidat hy allinnich oan de wâl kaam wie. It brânwachtkorps fan Balk is mei in boatsje op syk gien nei de jonge.
Dy trof him trije kertier letter rinnend oan yn it ûndjippe part fan de mar. De jonge hie materiaalmaleur krigen. De brânwacht hat him meinaam en ôfset yn Balk. Hy makket it goed.