Oanholden foar mislediging

© Omrop Fryslân
In ynwenner (23) fan Littenseradiel is yn de nacht nei snein oanholden op fertinking fan mislediging. Om 02.00 oere hinne kaam de plysje op de Stoombootkade yn Boalsert nei in melding fan in fjochtpartij. De plysje hat de partijen út inoar helle.
De fertochte, dy't op strjitte lein hie, waard frege om syn namme. Hy skold de plysjeman dy't him dat frege út. Doe't er dat nochris die, waard er oanholden. By syn oanholding trape er it rút fan in plysje-auto stikken.